Iepenloftspul Harkema sil yn 2018 it stik 'De Oerbliuwers' oer it fuotljocht bringe.
'De Oerbliuwers'
De Stichting Iepenloftspul de Harkema sil yn juni 2018 it stik 'De Oerbliuwers' oer it fuotljocht bringe. It stik en de musyk is skrean troch Gerrit Breteler en wurdt regisearre troch Ypy Zysling. De foarstellings sil plakfine op it Themapark De Spitkeet op 'e Harkema.
Skriuwer Gerrit Breteler
In artikel fan de ekonome Heleen Mees yn de Volkskrant en it fersyk fan de Stifting Iepenlofspul De Harkema, kamen tagelyk by my. Yn it artikel stelt Heleen Mees út om de trije noardlike provinsjes leech te heljen.
Hup, alle bewenners nei de Rânestêd. Dêr is wurk, dynamyk en takomst. Urbanisearje krekt as yn Sjina. Inkele reis mei de trein, bus of auto en de bulldozers stean al klear om, as eltsenien fuort is, de boel op te romjen..
Voeg deze kaart toe aan uw website;
We gebruiken cookies en andere trackingtechnologieën om uw browse-ervaring op onze website te verbeteren, om u gepersonaliseerde inhoud en gerichte advertenties te laten zien, om ons websiteverkeer te analyseren en om te begrijpen waar onze bezoekers vandaan komen. Privacybeleid