Mearke Winsum bestiet sûnt 2008. Elts jier om Sinteklaas hinne wurdt it mearke opfierd foar de basisskoallebern en wykeins foar oaren.
Toanielferiening Advendo út Winsum hat de trie wer oppakt fan de tradysjonele Sinteklazemearkes yn de gemeente Littenseradiel. Eartiids waarden dy spile troch learkrêften foar de skoallebern. Oan dizze tradysje wie troch omstannichheden yn 1994 in ein kaam.
Advendo hat in nagelnije tradysje foarmjûn, mei âlde mearkes ferpakt yn in hjoeddeiske foarm. Hja spilen al langer mei de gedachte om it Sinteklazemearke wer op priemmen te setten, en mei de komst fan it nije Multifunksjonele Sintrum De Helling - en dêrtroch in skitterjende lokaasje hjirfoar - is dit ta útfiering kaam.
Spilers komme út hiel Littenseradiel en omlizzende gemeenten. Sy hoege net mear wurksem te wêzen yn it ûnderwiis.
Foarnaamste fernijings binne de moderne, flot skreaune toanielstikken en de it gebrûk meitsen fan nijerwetse, technyske middels.
Voeg deze kaart toe aan uw website;
We gebruiken cookies en andere trackingtechnologieën om uw browse-ervaring op onze website te verbeteren, om u gepersonaliseerde inhoud en gerichte advertenties te laten zien, om ons websiteverkeer te analyseren en om te begrijpen waar onze bezoekers vandaan komen. Privacybeleid