De Afûk is in aktive, ûndernimmende organisaasje dy't as doel hat om de Fryske taal yn alle geledingen fan ús Fryske mienskip in folweardich plak te jaan.
De doelen fan de Afûk binne: taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht. En omdat dy net los faninoar steane, wolle wy de gearhing dertusken neistribje.
Wy rjochtsje ús dêrby op de folsleine Fryske mienskip fan poppe oant âlderein. Wy wolle Fryslân ferbine mei de wrâld en de wrâld mei Fryslân.
De middels dy’t wy dêrby brûke binne mei it each op de trije haaddoelen byinoar brocht yn Stipepunt, Underwiis en Utjouwerij/winkel.
Wy sjogge ‘Lân fan taal’ as it middel by útstek om boppesteande missy en doelen te realisearjen. Yn ‘Lân fan taal’ giet it om it ferbinen fan taalmienskippen binnen Fryslân mei dy fan Europa.
Wy wolle taal en meartaligens mear sichtber meitsje, nije gearwurkingsferbannen ta stân bringe tusken mienskippen yn en bûten Fryslân en nije ympulzen jaan oan it (kultuer)toerisme.
Voeg deze kaart toe aan uw website;
We gebruiken cookies en andere trackingtechnologieën om uw browse-ervaring op onze website te verbeteren, om u gepersonaliseerde inhoud en gerichte advertenties te laten zien, om ons websiteverkeer te analyseren en om te begrijpen waar onze bezoekers vandaan komen. Privacybeleid